"It liket wol trije kear Alvestêdetocht efter elkoar, mei de Reuzen"

10 aug 2018 - 12:45

It is hurd wurkjen en puzzeljen foar de Ljouwerter hoareka, takom wykein as de Reuzen komme. Dat seit Rienk Edens, eigener fan kofjesaak Doppio. Hy ferwachtet in omset dy't miskien wol fjouwer kear heger leit as gewoan. Wol wurdt it in hiele logistike put en geregel om alles goed foar elkoar te krijen.

De dûker - Foto: Royal de Luxe

Binnenstêd hermetysk ôfsletten

De binnenstêd en parkeargaraazjes binne sawat it hiele wykein ôfsletten. De befoarrieding moat tusken 5 en 7 oere moarns plakfine. "Dan lis ik freedtenacht om 2 oere op bêd nei alle drokte en dan giet twa oeren letter de wekker alwer", fertelt Rienk Edens. De dûker slept freedtenacht op it Saailân, tsjinoer syn saak. Dat betsjut dat hy syn terras opromje moat.

Edens seit dat it dreech is om oan ekstra personiel te kommen midden yn 'e simmerfakânsje. Boppedat wurdt it noch spannend oft al it personiel goed op it wurk komme kin. De parkeargaraazjes binne ticht en fytsers meie ek net de binnenstêd yn.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Rienk Edens, eigener kofjesaak oer de komst fan De Reuzen

Oanpaste kaart

De kaart wurdt simpel en der komt in mobile kofjebar foar de saak te stean. Fierder sil in part fan de foarried - ferstoppe - yn de saak opslein wurde, om't it magazyn net grut genôch is. "It liket wol trije kear de Alvestêdetocht efter elkoar, huppakee. Dan moatst gewoan troch gean, it is even net oars."

Omrop Fryslân folget de earste foarstelling op freed. Alles is fan 10.00 oere ôf live te sjen op telefyzje, de webside, de Omrop-app en Facebook. Ek hâlde we trije dagen lang in liveblog by.

(advertinsje)