Keunstneres makket Frysk hynder fan turf

10 aug 2018 - 11:24

Keunstneres Dioni ten Busschen hat de ôfrûne wiken wurke oan in Frysk hynder fan turf. Dat die se yn har pop-up-galery oan de Ljouwerter Nijstêd.

Keunstneres makket Frysk hynder fan turf

Ten Busschen is as artyst spesjalisearre yn peat-art, oftewol 'turfkeunst'. Dêr is se frijwol unyk yn. De keunstneres wurket al in jier as sân mei turf. Se wurket mei oalje en wetter om de organyske stof goed byinoar te hâlden. De grûnstof komt út Estlân, om't der yn Nederlân gjin turf mear wûn wurdt.

Besikers

It hynder fan turf luts de ôfrûne wiken wol sa'n 300 oant 400 besikers deis. Toeristen, mar ek Friezen, wiene benijd nei de 'keunst fan turf'. It keunstwurk is ornearre foar in groepseksposysje oer it Frysk hynder fan ferskate keunstners dy't ein dizze wike iepene wurdt yn streekmuseum Opsterlân op De Gordyk. It hynder wurdt tongersdei mei in spesjaal turfskip nei it museum ferfierd.

Keunstneres Ten Busschen

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena
Trefwurden: 
Ljouwert hynder turf
(advertinsje)