Foarútsjen op it nije earedifyzjeseizoen fan SC Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean trapet freedtejûn it nije earedifyzjeseizoen ôf mei in útwedstriid tsjin PEC Zwolle. It is ek direkt de earste offisjele wedstriid foar Jan Olde Riekerink as haadtrainer fan de Feansters. Mei sportferslachjouwer Roelof de Vries sjogge we foarút op it nije seizoen fan SC Hearrenfean.
Roelof de Vries © Omrop Fryslân
SC Hearrenfean hat gjin geweldige tarieding op it seizoen efter de rêch, ast nei de útslaggen sjochst. Hoe stiet de ploech derfoar, tinkst?

Sjoen de resultaten (8-2 ferlern fan Hoffenheim en 3-1 fan Levante) soene je sizze dat Hearrenfean der net goed op stiet. No seit in tarieding noait alles, mar we moatte ek net ferjitte dat it nivo yn Nederlân sa keldere is, dat fuortspile wurde troch sokke ploegen net mear alles seit. Wol is dúdlik wurden dat de ferdigening net goed stiet en der mentaal ek noch wol winst te beheljen is, want ferlieze mei 8-2 mei fansels noait goed.
Jan Olde Riekerink stiet dit seizoen foar it earst foar de groep. Do hast him al in pear kear sprutsen. Wat foar trainer is it?

Olde Riekerink sit der boppe-op. Hy is in dosint en is in soad mei de spilers dwaande. Hy leit it spul op de training geregeld stil. Hy sit se op de hûd, mar dielt ek kompliminten út. De spilers binne oant no ta, foar safier ik hear, posityf. Mar dat binne se oan it begjin meastentiids wol.
Yn de media reagearret hy noch wat wikseljend. De iene kear leuk, sjarmant en grappich, de oare kear tinkst: huh? Dat krij ik ek werom fan supporters. Olde Riekerink wol soargje foar bining en it stadion wer fol krije. Dat soe moai wêze, mar it wurdt noch in hiele taak.
Trainer Jan Olde Riekerink © www.orange-pictures.nl
Der binne fansels wer wat spilers fuortgien en der is wer wat bykaam. Fan wa ferwachtest it meast?

Der is net in soad bard by Hearrenfean. It fuortgean fan Dumfries kostet wol punten. Hy skoarde fjouwer kear en joech sân assists. Floranus is oernaam, mar Schmidt liket in basisplak te pakken. Reza Ghoochannejhad is fuort, mar ik tink dat Hearrenfean der mei Lammers net minder op wurden is. Ik ha wol it idee dat it in echte doelpuntemakker is en dat hy in klik hat mei Michel Vlap. De fraach is lykwols hoe de tafier is. Mihajlovic en foaral Zeneli binne fleugelspilers dy't foaral foar de eigen aksje gean. Mar om antwurd te jaan op de fraach: fan Lammers ferwachtsje ik it measte.
Sam Lammers moat dit seizoen foar de goals soargje © www.dijksfotografie.nl
De transferperioade duorret noch in pear wiken. Wat stiet der by Hearrenfean noch te barren?

De oerstap fan Veerman nei Sankt Pauli is sûnt tongersdei rûn en fierder is it no stil. Dat betsjut net dat der ek neat mear barre kin. Foaral op it middenfjild: Thorsby, Schmidt, Zeneli en Van Amersfoort ha noch in kontrakt fan in jier. As Hearrenfean noch wat oan se fertsjinje wol, dan moat it no. Op Schmidt nei ha se ek allegear oanjûn wol út sjen te wollen nei in oare klup. Itselde jildt foar Kobayashi. De Japanner hat lykwols noch in opsje yn it kontrakt, dat Hearrenfean ferlingje kin, mar ek hy wol graach in stap meitsje. Kobayashi kin geweldich fuotbalje, mar hat dat noch te min sjen litten.
Foarich seizoen einige Hearrenfean as achtste, krekt genôch foar dielname oan de play-offs om Europeesk fuotbal. Wêr hopet Hearrenfean dit seizoen op?

It heljen fan de play-offs is wer it doel. Dat sil noch in hiele put wurde. It is noch lestich yn te skatten. Hoe goed is Hearrenfean? En hoe goed binne de konkurrinten? Nei seis à sân wedstriden kinne we dêr in bettere ynskatting fan meitsje. De earste tekenen binne net goed, mar om no te sizzen dat it neat wurdt, dat giet ek te fier.
De wedstriid PEC Zwolle-Hearrenfean begjint freed 10 augustus om 20.00 oere. De wedstriid wurdt live op de radio útstjoerd mei kommentaar fan Roelof de Vries.
Foar de wedstriid is it Fierljepkafee op de radio. Dat begjint om 19.00 oere en duorret oant 20.00 oere.