Kollum: "Bern en bining"

10 aug 2018 - 09:51

"Twa wiken lyn seach ik jûns let in programma op 'e telefyzje oer in húshâlding út Londen dy't ferhuze wie nei Sily, tichtby in aktive fulkaan. Se wiene op fakânsje yn Súd-Amearika mei harren trije bern en ha doe besletten dêr in hûs te bouwen. Se hiene har nocht fan it drokke libben yn Londen en woene mear tiid mei de bern trochbringe.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

Twa famkes en in jonkje en de âldste like al hast in puber te wêzen, dus sa lyts wiene dy bern net mear. Op it plak dêr't se wennen wie fierder neat en de bern holpen mei om it hûs te bouwen. Ik ha wol bewûndering foar minsken dy't sa'n aventoer oandoarre. It libben wie net ienfâldich want iten siede diene se op in iepen fjoer en mei alles wie it behelpen.

En dochs hie ik, wylst ik it seach, bêst wol begrutsjen mei dy bern. Net omdat se it no sa min hiene, mar omdat se freonen, klassegenoaten en famylje misse moasten. Se spaanden dêr hieltyd wat mei syn trijen om en se sille der beslist in soad fan opstekke, mar ús heit en mem hiene my dat eartiids net oandwaan moatten en ik tink dat myn suske it dêr mei iens is.

No wennen wy fansels ek yn in soarte fan úthoeke yn Alde Leie mei heale wylden en healwizen, mar wat in hearlike jeugd ha wy dêr hân. Yn 'e buert fan famylje, pake en beppe en freonen belibben we ek omraak aventoeren. Der wie gjin fulkaan mar wol in prachtich útsicht op de tsjerketoer fan Stiens.

Moandei wiene wy op De Feanhoop by it skûtsjesilen. Der wie amper wyn dus der wie net safolle oan. Wylst ik wat om my hinne seach, tocht ik ynienen oan dy trije bern yn Sily. No wie de útstjoering neffens my fan 2015, dus miskien binne se yntusken wol wer in kear ferhuze mar der binne der wol mear âlden dy't de bern mei op sleeptou nimme omdat se har dreamen neijeie wolle.

Op 'e Feanhoop waarden ek in soad bern op sleeptou nommen efter in boat oan op in surfplanke of swimbân en in wille dat se hiene! De jeugd hat mei dit waar in machtich moai libben. Op stap mei elkoar, swimme, farre, by pake en beppe útfanhûs of mei de hiele famylje nei de camping. In protte ferdivedaasje en bining mei de minsken om harren hinne.

Dy bining soarget foar in basis dy't je nea wer ferjitte. Ik bin hiel benijd hoe't soks ferrint mei bern dy't sa bot op harren sels binne en freonen en famylje misse moatte. No binne bern meastal wol fleksibel en meitsje se gau nije kontakten mar in djipwoartele basis is in kwestje fan tiid en fertrouwen.

Ik hie slim ûnwennich wurden as ik eartiids fan Alde Leie nei Sily ferhúzje moast. Sterker noch, ik hie al beroerd west as we nei Hijum gean soene. Ik bin nochal honkfêst. Dat jout my rêst en lêsten hearde ik op in moaie stille jûn in hiel sêft, leaf, ingeleftich stimke by ús foar op it wetter.

Doe seach ik in jonkje dat op 'e búk yn syn rubberboatsje lei en hy roeide mei de hannen. Hy wie allinnich en song in ferske, wylst er rêstich foarút skarrelle, wierskynlik ûnderweis nei in freontsje. It wie sa oandwaanlik en hy seach der lokkich út. Hjir moast ik ek efkes oan tinke ûnder it silen.

Op 'e Feanhoop fan Silyi nei Alde Leie nei Warten is de wrâld yn dyn tinzen mar lyts mar de werklike stap liket my o sa grut foar in bern."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(advertinsje)