Rykswettersteat makket ein oan hoogovenslakkehobbels op A32

10 aug 2018 - 08:26

Rykswettersteat sil de hobbels yn de A32 oanpakke. De hobbels soargje foar oerlêst. Minsken dy't oer de dyk ride, wurde ferrast troch de beweging fan de auto of motor, seit Rykswettersteat, foaral as se fan bûten de provinsje komme.

De A32 tusken Akkrum en Grou - Foto: Google Streetview

Jan Jozeph Dalstra fan Rykswettersteat

It wurk oan de dyk begjint yn 2019. Oant dy tiid wurde automobilisten mei buorden warskôge foar de hobbels.

De hobbels yn de A32 wurde feroarsake troch hoogovenslakken. Dy binne yn de jierren '90 brûkt as fundearring foar de sneldyk. Jierren letter docht bliken dat se útsette. Se drukke it weidek en in ûnderlaach omheech. Dêrtroch komme de hobbels yn de dyk.

Yngripend en djoer

Om de dyk wer goed te meitsjen moat de fundearring fan de dyk oanpakt wurde. Dat is yngripend en djoer, seit Rykswettersteat, en it soarget foar in protte oerlêst.

In part fan it wurk soe eins yn 2018 dien wurde, mar fanwege de ferwachte drokte by de eveneminten yn it Kulturele Haadstêdjier wurdt dat in jier letter. Der wurde no wol buorden oan de dyk set om minsken te warskôgjen foar de hobbels.

De hobbels kamen earder dit jier yn it nijs troch in aksje fan Christiaan Okkema út Goutum. Hy hie ûnder oare in brief skreaun oan de Ljouwerter Krante, en fertelde op Omrop Fryslân oer de grutte oerlêst dy't de hobbels feroarsaakje foar de automobilisten.

Trefwurden: 
A32 hobbels Rykswettersteat
(advertinsje)