Automobilist naait út nei botsing yn Ljouwert

10 aug 2018 - 07:42

In 36-jierrige man út Ljouwert is tongersdei oanholden om't er trochriden wie nei in ûngelok. De bestjoerder wie tongersdeimiddei tsjin fjouwer oere op De Tuinen mei syn auto tsjin in beam botst en dêrnei útnaaid.

In tsjûge hie mei de telefoan opnamen makke fan it ûngelok. Oan de hân fan it kenteken fan de auto en it sinjalemint fan de man, koe de plysje him even letter oppakke. Hy krijt proses-ferbaal. De skea wurdt mei de gemeente regele.

Trefwurden: 
Ljouwert ûngelok
(advertinsje)