Kraan by terminal kontenerskip

27 jun 2012 - 16:16

Kontenerferfierder MCS hat woansdeitmoarn in grutte kraan opboud yn Ljouwert. Dy sil brûkt wurde foar it laden en lossen fan konteners. De kraan makket ûnderdiel út fan in nije terminal oan it Van Harinxmakanaal. By de nije terminal yn Ljouwert komme foaral skippen dy't konteners fan FrieslandCampina ferfiere nei Rotterdam. It bedriuw praat noch mei oare opdrachtjouwers.

It is de bedoeling dat de terminal begjin augustus yn bedriuw is.
Direkteur fan MCS Willem van der Ark.

Trefwurden: 
kontenerskip terminal
(advertinsje)