Omrop TIP: Fierljep Kafee mei Gerrit de Boer

It is alwer de fiifde edysje fan it Fierljep Kafee. Presintator Gerrit de Boer en sidekick Murk Haanstra prate it earste lustrum mei tal fan ljeppers dy't yn 1968 aktyf wiene. Sy komme del mei prachtige ferhalen oer de akkommodaasjes fan doe. Fierder komt de nije technyk fan de topljeppers yn harren jacht op it Nederlânsk rekôr (22.21m, Jaco de Groot) oan bar. Ljeppers Hannes Scherjon, Nard Brandsma en Thewis Hobma fertelle yn it Fierljep Kafee hoe't dat wurket. De livemuzyk wurdt fersoarge troch The Lucky Daltons.
Dêrneist is der yn it programma spesjaal omtinken foar it jier 2005, it alderearste jier dat it FK live op TV te sjen wie. Ek wurdt der praat oer de dei fan moarn mei alle favoriten: wa wint dit jier de Sulveren Pols? En hoe sit it mei de ûntwikkeling fan it frouljusljeppen, no't de beide kopfroulju Marrit van der Wal en Klaske Nauta ûntbrekke?
Fierljep Kafee © Omrop Fryslân
It programma wurdt om 18.00 oere opnommen yn Herbech de Trijesprong yn Winsum. Publyk is tige wolkom!
Fierljep Kafee is freed 10 augustus fan 19.00 oere ôf te hearren by Omrop Fryslân op de radio. It programma is nei de útstjoering op de radio werom te harkjen op de programmapagina of as podcast.

Sneon 11 augustus is it FK Fierljeppen fan 13.00 oere ôf te folgjen by Omrop Fryslân op telefyzje, Omropfryslan.nl en de Omrop-app. Op radio wurdt ek ferslach dien fan de wedstriden.