MCL wol dat fytsers op e-bikes in falhelm drage

Sawat in tredde fan de nij-ferkochte fytsen binne elektrysk. Mar ûngelokken mei dizze rappe eksimplaren nimme ek bot ta. By de spoedeaskjende help fan it MCL wurde wykliks meardere slachtoffers fan ûngelokken mei e-bikes binnen brocht. It MCL makket har dêr soargen oer en wol minsken it advys jaan om in helm te draagjen.
MCL wol dat fytsers op e-bikes in falhelmen drage
Min waar, in minne dyk, op de tillefoan sjen of in oar dy't op syn tillefoan sjocht. It is allegear fan ynfloed op it krijen fan in fytsûngelok. Mar e-bikes binne rap, sa'n 10 kilo swierder as in gewoane fyts en om't se licht traapje is it foar oare weigebrûkers net dúdlik te sjen hoe hurd in e-biker giet.
Traumasjirurch fan it MCL, Jeroen Poos, seach op de spoedeaskjende help yn ien wike tiid sa'n trije minsken binnen kommen mei slimme ferwûnings troch in ûngelok mei in e-bike. Dat wie sa opfallend dat er in ûndersyk start is.

In brutsen earm én brutsen ribben

Dêrút docht bliken dat slachtoffers fan in fytsûngelok mei in e-bike faker letsel oan de holle ha en dat dizze ferwûnings slimmer binne as fan de slachtoffers mei in gewoane fyts. Dêrneist ha e-bikers twa kear safolle mearfâldige ferwûnings, dus bygelyks in brutsen earm én brutsen ribben.
In helmplicht foar e-bikers is neffens Poos net nedich, mar soe wol tige ferstannich wêze. Mei in helm kin letsel oan de holle mei 60 á 80 prosint fermindere wurde by in ûngelok. Fan de minsken mei harsenletsel, ek al is it in lichte fariant, hat 25% nei in jier noch in soad klachten sa as konsintraasjeproblemen, lykwichtsteurings en pine yn de holle. Dat kin in traumasjirurch as Poos net ferhelpe, 'mar in helm wol'.