De Reuzen rinne njoggen rûtes troch Ljouwert hinne
De dûker komt tefoarskyn út it wetter by de Willemskade en it famke wurdt wekker foar it stasjon. Sa sette de Reuzen op freed 17 augustus harren tocht troch Ljouwert útein. De hûn Xolo is hast de hiele tiid by it famke. De Reuzen rinne tagelyk in aparte rûte, want se binne op syk nei elkoar.
Freedtemoarn hat eltse Reus in aparte rûte en de middei noch in kear. Tuskentroch hâlde se 'siësta' en ek nachts sliepe de Reuzen bûtendoar ergens yn Ljouwert. De dûker bringt de earste nacht troch op it Saailân en it famke op it Cambuurplein.
Sneon fine de Reuzen elkoar oan de ein fan de dei by it WTC Expo.
Op de lêste dei is der ien rûte mei alle Reuzen. Dizze útswaaiparade begjint middeis by it WTC en giet healwei fierder oer it wetter, ûnder oare troch de Prinsetún en oer de Dokkumer Ie de stêd út.
Lytse strjitten
Ljouwert is gjin Montreal, Santiago de Chile of Perth, mar is kompakt en hat lytse strjitten. Dat is foar Royal de Luxe nij en in útdaging. Dochs slaan se de lytse strjitten yn Ljouwert net oer. Sa giet it famke troch de Sint Jabikstrjitte, in smel stikje fan de Nijestêd nei de Iewâl ta.
Binnestêd ofsletten
Om't it grutste part fan de foarstelling yn 'e binnenstêd plakfynt, is dy it hiele wykein oerdei ôfsletten foar auto's en fytsers.
Oan de râne fan 'e stêd wurde fytsestallings pleatst. Besikers kinne de auto kwyt op trije spesjale parkearplakken. Dêrwei ride pindelbussen nei it sintrum ta. Arriva en de NS sette ekstra bussen en ekstra lange treinen yn.
Der wurde oer it hiele wykein tusken de 300.000 en 400.000 besikers ferwachte.
Omrop Fryslân folget de earste foarstelling op freed. Alles is fan 10.00 oere ôf live te sjen op telefyzje, de website, de Omrop-app en Facebook. Ek hâlde we trije dagen lang in liveblog by.