Gjin medalje foar Kinge Zandringa mei estafetteploech op EK

09 aug 2018 - 22:34

De swimsters fan de Nederlânske estafetteploech, mei dêryn ûnder oaren Kinge Zandringa út Sint-Anne, is tongersdei op de lêste dei fan de EK swimmen net yn de prizen fallen. Yn Glasgow einigen de froulju op it fiifde plak mei in tiid fan 3.58,94.

Kira Toussaint, Tes Schouten, Femke Heemskerk en Kinge Zandringa - Foto: ANP

Kira Toussaint, Tes Schouten, Femke Heemskerk en Zandringa hiene harren as fjirde foar de finale pleatst, mar in medalje siet der net yn. De Europeeske titel gie nei Ruslân (3.54,22). Denemarken waard twadde (3.56,69) en Grut-Brittannië tredde (3.56,91).

Trefwurden: 
EK swimme Kinge Zandringa
(advertinsje)