Wetterskippen warskôgje nei hoasbuien foar smoarch wetter

09 aug 2018 - 21:41

Guon wetterskippen warskôgje om nei de swiere buien kontakt mei it oerflaktewetter te mijen. De grûn is troch de drûchte fan de ôfrûne wiken sa hurd wurden, dat de boaiem it reinwetter net opnimt.

Fytse nei in hoastbui - Foto: ANP

It reinwetter streamt no direkt de rioelen yn en nimt smoargens lykas hûnestront en oalje út auto's mei, dat wiken lang op strjitte lein hat. Dêrneist kinne rioelen oerstreame, wêrtroch't ekstra fersmoarge wetter yn it oerflaktewetter komt.

Blau-alch

It wetter yn fivers, marren en rivieren wie de lêste wiken troch de hjitteweach al fersmoarge mei bygelyks blau-alch. Ek it wetter dat nei in hoasbui op strjitte stean bliuwt, kin fersmoarge wêze.

Minsken kinne dêrom better net swimme of boartsje yn it oerflaktewetter en harren hûn of oar bist der ek net fan drinke litte.

(advertinsje)