Bouwmeester nei rektifikaasje as twadde medalrace yn op WK
Marit Bouwmeester giet freed as nûmer twa fan it algemien klassemint it wetter op foar de medaljerace op it WK yn Denemarken. De 30-jierrige sylster út Warten hearde earst dat se tredde stie, mar troch in rektifikaasje fan race tsien is se no twadde.
Bouwmeester sylde tongersdei twa races. Ien kear waard se earste en ien kear fiifde. Troch dizze útslaggen stiet se yn it algemien klassemint krekt efter koprinner Emma Plasschaert út België. Paige Railey út Amearika stiet tredde.