Betelle parkearjen jildt yn Dokkum ek foar 'te lytse' minsken

09 aug 2018 - 20:18

In frou dy't by it parkearjen oan De Dyk yn Dokkum in parkearboete krige, moat dizze fan de rjochter ek betelje. Neffens de frou wie se te lyts om it boerd dêr't it belparkearjen op útlein waard, goed lêze te kinnen.

In parkearboete - Foto: ANP

De parkearautomaat dy't oars op it plak stie is fuorthelle. Minsken kinne allinich mei help fan de mobile telefoan betelje. De rjochter yn Grins gie neffens De Telegraaf net mei yn de útlis fan de frou. Wa't syn auto parkearje wol, hat de plicht om út te sykjen at en hoe't der betelle wurde moat.

De frou moat de boete fan hast 63 euro gewoan betelje.

Trefwurden: 
boete Dokkum parkeare
(advertinsje)