Swiere reinbuien soargje foar wille en oerlêst yn Fryslân

09 aug 2018 - 19:03

Rûnom yn Fryslân soargje swiere reinbuien foar wille en oerlêst. Yn Wolvegea boartsje bern yn de rein op strjitte, wylst guon bedriuwen lykas Autoland Van den Brug yn Ljouwert wetterskea oprinne troch de flinke buien.

In auto yn de rein - Foto: Wiegmink Media

Op guon diken yn Drachten kin it wetter dreech fuortkomme. In traumahelikopter dy't fan Eelde ûnderweis wie nei Skylge, moast de flecht fanwegen it needwaar ûnderbrekke.

Koade oranje

Helptsjinsten warskôgje ek foar de buien en de swiere wynstjitten. Beammen binne troch de drûchte fan de ôfrûne wiken ekstra kwetsber. Foar Fryslân is dêrom ek koade oranje útroppen.

(advertinsje)
(advertinsje)