Omwenners WTC Expo kleie oer lûdsoerlêst De Reuzen

De oefeningen fan Royal de Luxe mei De Reuzen soargje op it parkearterrein by it WTC Expo yn Ljouwert foar in soad lûdsoerlêst. De gemeente hat fan omwenners hjir in soad klachten oer binnenkrigen.
De earste fuotstappen fan De Reuzen yn Ljouwert
Bylden: Willem Breimer
Under oare op social media kleie minsken oer it lûd. De gemeente neamt it spitich, mar seit tagelyk dat de sesjes nedich binne. It moat sa lûd omdat der mei in soad frijwilligers wurke wurdt en dy moatte de oanwizingen goed hearre kinne.

Left foot up, right foot down

De kommende dagen gean de oefensesjes dan ek troch. Tusken 13.00 en 20.00 oere sille omwenners oanwizingen lykas 'left foot up, right foot down' noch hearre moatte. De trije reuzen rinne yn it wykein fan 17, 18 en 19 augustus troch Ljouwert.