UPDATE: Zonderland mei heechste skoare nei EK-finale rekstôk

Epke Zonderland hat tongersdeitemiddei by de EK turnjen yn Glasgow yn de kwalifikaasjes de heechste skoare oan de rekstôk delset. De Olympysk kampioen fan 2012 kaam ta in skoare fan 14,333 punten en stiet dêrtroch snein yn de finale.
Zonderland giet foarearst oan lieding op EK turnjen | Bylden: NOS
De turner út It Hearrenfean die it dêrmei better as de Hongaar David Vecsernyes, dy't earst op kop gie mei 14,200 punten. Tim Srbic, dy't Zonderland ferline jier fan syn tredde wrâldtitel ôfhold, is der yn Glasgow net by.
Zonderland wie nei ôfrin bliid mei syn prestaasje. "Dit wie ien fan myn bettere kwalifikaasjeoefeningen ea." Snein striidt er mei sân oaren om de Europeeske titel.