'Brân Drachten ûntstie troch technysk mankemint yn keuken'

De brân woansdeitenacht yn in rychjeswenning yn Drachten is yn de keuken ûntstien, mooglik troch in technysk mankemint yn ien fan de apparaten. Dat makke de plysje tongersdeitemiddei bekend.
'Brân Drachten ûntstien troch technysk mankemint yn keuken'
By de brân kamen in mem en har soan om it libben. Der binne yn de wenning gjin spoaren fan brânstichting fûn.

Gearkomste

Der komt in spesjale gearkomste foar de omwenners fan de Hânwurkersside yn Drachten, dat makke boargemaster Tom van Mourik bekend yn in earste ferklearring.
Van Mourik wie op fakânsje, mar is earder weromkaam yn ferbân mei de brân. Yn in earste reaksje seit Van Mourik tige skrokken te wêzen fan de brân en dat syn gedachten útgean nei de neibesteanden en famylje fan de slachtoffers. De omwenners sille slachtofferhelp oanbean krije.

Opfang

Nei de brân binne seis minsken nei it sikehûs brocht. Fjouwer fan harren nei Nij Smellinghe yn Drachten en twa nei it UMCG yn Grins. De slachtoffers dy't yn it Drachtster sikehûs leine, binne ûntslein en ha opfang oanbean krigen fan de gemeente. Van Mourik ferwachtet dat de twa slachtoffers yn it UMCG ynkoarten ek it sikehûs ferlitte meie.
Der wurdt earst sjoen nei in tydlike wenning foar it gesin en dêrnei wurdt socht nei in permaninte wente. De bewenners fan ien fan de huzen neist de útbaarnde wenning kinne foarearst net werom. Foar harren wurdt ek opfang fersoarge.