Skiermûntseach wol yn takomst folslein fan ierdgas ôf

Skiermûntseach moat yn de takomst folslein ûnôfhinklik wurde fan ierdgas. Dat wol it kolleezje fan boargemaster en wethâlders op it eilân. Om dat te berikken is der in oanfraach yntsjinne by it ministearje fan Ynlânske Saken.
'Net boarje by Skiermûntseach' © ANP
It kolleezje wol meidwaan oan it projekt Proeftuin Aardgasvrije Wijken. De proeftunen wurde brûkt om te sjen hoe't in besteande wenwyk ierdgasfrij makke wurde kin. De gemeente wurket hjiryn gear mei bewenners, bedriuwen, wenningboukorporaasjes en netbehearders.
Der is 85 miljoen euro beskikber foar it projekt. Yn oktober sil bekendmakke wurde watfoar plakken meidwaan meie oan de proeftunen.

Gefoelich

Ierdgas is in gefoelich ûnderwerp op Skiermûntseach. It eilân ferset him al langer tsjin gasboarringen yn de Noardsee.