Jier sel easke tsjin Roemeenske winkeldief

09 aug 2018 - 16:15

In 33-jierrige winkeldief út Roemenië moat mooglik in jier de sel yn. De offisier fan justysje tinkt dat de fertochte diel útmakket fan in organisearre binde. Dizze binde soe him benammen rjochtsje op it stellen fan babypoeier en skearmeskes by de Albert Heijn.

Foto: Omrop Fryslan

De dieven hannelen altyd op deselde wize: se kamen mei lytse groepkes efterinoar de supermerk yn, en ferstoppen it guod dan ûnder har jas. Hjirnei rûnen se yn lytse groepkes de winkel ek wer út.

Skearmeskes en babypoeier

Neffens it Iepenbier Ministearje hie de groep keazen foar skearmeskes en babypoeier om't dat guod maklik te ferhanneljen is op de swarte merk. De fertochte dy't hjoed foar de rjochter stie, is al earder feroardiele foar stellerij. Oer twa wiken docht de rjochtbank útspraak yn de saak.

Trefwurden: 
rjochtsaak justysje Roemenië
(advertinsje)
(advertinsje)