Brûns foar Pieter-Jan Postma op WK silen yn Denemarken

09 aug 2018 - 15:53

Pieter-Jan Postma is tongersdeitemiddei yn de Finn-klasse op de WK silen tredde wurden. Yn Aarhus seach de 36-jierrige siler út Terkaple de Hongaar Zsombor Berecz goud pakken. De Sweed Max Salminen waard twadde.

Mei de brûnzen plak die Postma ek goede saken foar in startbewiis op de Olympyske Spelen fan 2020 yn Tokio.

Trefwurden: 
silen WK Pieter-Jan Postma
(advertinsje)