Ljouwert pakt op wetter Langwar twadde SKS-oerwinning

09 aug 2018 - 15:43

Ljouwert hat tongersdeitemiddei de SKS-wedstriid by Langwar op syn namme skreaun. Efter Ljouwert waard skipper Gerhard Pietersma mei it skûtsje fan Earnewâld twadde. It tredde plak wie foar d'Halve Maen fan Klaas Westerdijk.

It wie alwer oerwinning nûmer twa foar Ljouwert. By de iepeningswedstriid op it wetter by Grou wie it skûtsje fan skipper Willem Zwaga ek al de rapste.

Troch de winst by Langwar stiet Ljouwert yn dit algemien klassemint op in tredde plak. Earnewâld fiert de ranglist oan, op de foet folge troch it skûtsje fan Grou mei skipper Douwe Visser.

Averij

De Súdwesthoeke hat de striid mei averij ferlitten. De befêstiging fan de gyk oan de mêst wie brutsen. It skip koe dêrtroch net fierder sile.

Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS Langwar
(advertinsje)