Wetterpeil yn Iselmar sakket flugger as tocht

It wetterpeil yn de Iselmar is yn de ôfrûne wiken flugger sakke as earder tocht. Dat komt benammen troch de ferdamping fan it oerflaktewetter.
© Omrop Fryslân
De wetterskippen om de Iselmar hinne meie it wetter út de mar noch hieltyd brûke, mar dit sil mooglik feroarje. De Landelijke Coördinatiecommissie Waterverdeling hâldt de tastân skerp yn 'e gaten. De Iselmar is it grutste wetterreservoir fan swiet wetter yn ús lân.
Nettsjinsteande de rein hâldt de drûchte oan yn Nederlân. Dit betsjut dat de wetterskippen in protte wetter nedich hawwe om drûchfal foar te kommen.