Frou (78) út Nijmegen siket Fryske dielnimmer Vierdaagse

09 aug 2018 - 15:07

In 78-jierrige frou út Nijmegen is op 'e siik nei in 80-jierrige Fries. Anneke Krols kaam dizze Jacques tsjin op it stasjon yn Alphen aan de Rijn en se soe him graach nochris moetsje wolle.

Vierdaagse - Foto: ANP

Anneke Krol fertelt oer Jacques yn Muzyk yn Bedriuw

It is in sjarmante man, seit Krols, dy't by definsje wurke hat en yn maart syn jierdei hat. Mear wit se eins net.

Se moeten mekoar yn Alphen aan de Rijn. "Ik ga nooit met de trein en toen had 'ie ook nog vertraging. Nou die man liep daar dus ook, en wij raakten aan de praat. Over de treinvertraging, maar ook over het feit dat we beide een dochter in Alphen aan de Rijn hebben."

It klikte. "In de trein kwam hij bij me zitten, en we hebben tijden gepraat. Hij zei dat hij de Nijmeegse Vierdaagse ging lopen. Toen zei ik nog dat ik naar hem zou zwaaien."

Ik zwaaien, maar hij zag me niet.

Anneke Krols

Krols fergeat om kontaktgegevens te freegjen, mar se bleau weromtinken oan it petear. "En wat dacht je: toen zag ik hem later ook nog lopen op de Via Gladiola. Ik zwaaien, maar hij zag me niet."

Krols fûn it sa noflik praten mei de Fryske man. Se hiene gewoan in klik, seit se. Se soe hiel graach noch even fierder prate mei Jacques.

Kenne jo Jacques, of witte jo miskien wa't er is? Stjoer jo tip dan nei muzykynbedriuw@omropfryslan.nl.

(advertinsje)