FIDEO: Skûtsjes stoarmje oer Langwarder Wielen

09 aug 2018 - 13:43

Op de Langwarder Wielen stride de skûtsjes om de deipriis yn de fjirde wedstriid fan de SKS. Oant no ta wie der alle dagen in oare winner. Op de Snitser Mar by Terherne wûn Grou woansdei mei in hiele romme foarsprong. Kin skipper Douwe Visser dat trúkje werhelje?

De kommisje fan Langwar hat keazen foar in rûte mei trije tonnen. De start is oan de kant fan de Langwarder Feart, en de boppeste tonne leit by it doarp.

Online stjoert Omrop Fryslân de wedstriden live út, mei kommentaar fan Freark Wijma en Eelke Dijkstra. Yn Fryslân Hjoed is om 18:00 oere in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21.00 oere is der in wiidweidich ferslach op TV.

Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS Langwar
(advertinsje)
(advertinsje)