Skûtsje Drachten sylt oer rubberboatsje mei fjouwer minsken hinne

09 aug 2018 - 13:06

It skûtsje fan Drachten is yn oanfarring kaam mei in rubberboatsje dêr't fjouwer minsken yn sieten. Dat barde ûnder de wedstriid by Terherne, in healoere nei de start. Der stie in tichte koelte.

Foto: Martin de Jong

De kamera's fan Omrop Fryslân ha de oanfarring net yn byld brocht. De ferslachjouwers ha it net sjoen. De mar is grut, seit ferslachjouwer Geartsje de Vries. Se seach letter in foto fan it ynsidint, en se frege oan skipper Jeroen Pietersma fan Drachten wat der krekt barde.

Skipper Jeroen Pietersma fan Drachten oer de oanfarring

De minsken yn de rubberboat binne mei de skrik frijkaam, seit Pietersma. Hy hie se net sjoen. "Myn skoanheit stie foarop. Dy rôp ynienen: 'Draaie! draaie!' We wienen noch lang net by de wâl, mar ik dochs mar draaie, en doe seach ik it."

Plysje oan board

It skûtsje skampte de rubberboat. Dy sloech om. Fjouwer minsken kamen yn it wetter telâne. "Dan sjochst achterom, om te sjen oft se allegearre noch swimme." Der wiene oare boaten yn de buert, seit Pietersma, en dêrom is er trochsyld nei de oanfarring. "Foardat ik wer by dy minsken bin, dat duorret hiel lang."

Nei de wedstriid hat de plysje by him oan board west, om te fertellen dat it goed is mei de minsken, en it boatsje. Pietersma hat in telefoannûmer krigen fan ien fan de slachtoffers. "Dy kin in telefoantsje ferwachtsje fan de skipper fan it Drachtster skûtsje."

(advertinsje)
(advertinsje)