Koade oranje: KNMI ferwachtet stoarm mei swiere wynstjitten

09 aug 2018 - 12:48

It KNMI hat koade oranje ôfjûn fanwege hurde wynstjitten. Neffens waarman Jan Jonkman kinne se boppe de 80 kilometer yn de oere útkomme. Hy ferwachtet de wyn jûns let, om 22:00 of 23:00 oere hinne.

Foto: KNMI

Koade oranje op camping Stortemelk

De swierste wynstjitten wurde ferwachte yn it kust- en waadgebiet. Op Skylge giet dêrom de demonstraasje fan de hynsterêdingsboat net troch. En op Flylân meitsje campinggasten de tinten ekstra goed fêst.

Kampearders op Flylân meitsje de tinten ekstra goed fêst - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Koade oranje betsjut dat minsken har tariede moatte. It effekt fan it waar kin grut wêze. Der is kâns op skea, ferwûnings of oerlêst. Dat kin hiel lokaal wêze. Koade oranje kin 24 oeren yn it foar ôfjûn wurde, as de kâns op ekstreem waar 60 persint of mear is. Dat meldt it KNMI.

Trefwurden: 
waar koade Oranje
(advertinsje)