Henk Veerman giet definityf nei Dútslân

09 aug 2018 - 12:24

Henk Veerman giet definityf nei de Dútske klup Sankt Pauli. De Hearrenfeanspits hat in kontrakt tekene foar trije jier by de klup yn Hamburg.

Henk Veerman - Foto: www.orange-pictures.nl

De lêste dagen kaam de transfer ta stân. En dat wylst ADO Den Haag Veerman ek ha woe. "Ik heb altijd aangegeven naar Sankt Pauli te willen. Dat was mijn eerste keuze. Dat wist ADO ook. Ik ben dan ook blij dat ik deze transfer maak en hoop vooral meer te kunnen spelen. Heerenveen is een mooie club, maar ik wil vooral meer spelen."

Sankt Pauli einige ferline jier as 12e yn de twadde Bundesliga, mar trije punten boppe de degradaasjestreep. Ferline wike is it Dútske seizoen al begûn Sankt Pauli wûn mei 2-1 fan FC Magdenburg.

Veerman hat noch in kontrakt by SC Hearrenfean foar in jier. Hy spilet sûnt begjin 2015 foar Sportklup Hearrenfean. Yn 95 kompetysjewedstriden makke de Volendammer 17 goals. Sankt Pauli hat nei alle gedachten sa'n 600.000 euro betelle foar Veerman.

SC Hearrenfean hat in filmke makke mei de hichtepunten fan Henk Veerman yn it pompeblêdeshirt. Henk, bedankt, stiet der by.

(advertinsje)