"Buertbewenners ha in soad sjoen fan de brân yn Drachten"

09 aug 2018 - 11:54

De gemeente Smellingerlân organisearret neisoarch foar de minsken dy't rekke binne troch de de brân yn Drachten, dêr't in mem en har soan by om it libben kamen. Dat seit wethâlder Robert Bakker. Boargemaster Tom van Mourik ûnderbrekt syn fakânsje fanwege de sitewaasje. Hy siet yn it bûtenlân.

Foto: Kappers Media

Ferslachjouwer Onno Falkena oer it effekt fan de brân

De brân is in skok foar de buert. Minsken binne fan slach, seit de wethâlder. "Ikzelf ook, moet ik eerlijk zeggen. De brand was heftig. De impact is groot. Mensen hebben veel gezien. Indrukken opgedaan. Daar hebben we aandacht voor."

Slachtofferhelp

De gemeente hat slachtofferhelp ynskeakele. "Die zal zich nadrukkelijk niet alleen met het gezin bezig houden, maar ook met de buurtbewoners. Nazorg is één van de belangrijkste dingen die we nu als gemeente kunnen oppakken. De mensen willen hun ei kwijt. Ze willen erover praten. Daar gaan we voor zorgen, op zo kort mogelijke termijn."

De slachtoffers ha tydlike wenromte krigen. De gemeente besjocht mei de wenningbou-organisaasje hoe gau oft se goed ûnderdak fine kinne. "Deze mensen hebben veel te verwerken." Fan de neistlizzende wenten hat ien reek- en wetterskea. Der wurdt besjoen oft dat hûs noch bewenber is.

Mem en soan

By de brân kamen in mem en har soan om it libben. De heit en in oare soan binne troch de brânwacht fan it dak rêden. Mei fiif oaren binne se nei it sikehûs brocht. Oer de tastân fan de slachtoffers is neat bekend.

It is noch net dúdlik hoe't de brân ûntstean koe. De plysje docht dêr ûndersyk nei.

Trefwurden: 
Drachten brân Tom van Mourik
(advertinsje)
(advertinsje)