Gemeente Hearrenfean stapt oer op blauwe disel

09 aug 2018 - 11:08

Boargemaster en wethâlders fan Hearrenfean wolle foar it weinpark fan de gemeente oerstappe op blauwe disel. It kolleezje freget de gemeenteried om dêr ekstra jild foar frij te meitsjen.

It gemeentehûs fan Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Nei de simmer besteget Hearrenfean de oankeap fan brânstof opnij oan. It kolleezje fynt dat in logysk momint om oer te skeakeljen op blauwe disel, om sa alfêst ynfolling te jaan oan de nije klimaatwet. Dy skriuwt foar dat Nederlân yn 2050 CO2-neutraal wêze moat.

De gemeente Hearrenfean hat 40 auto's dy't op disel ride. De oare auto's ride op grien gas of binne elektrysk. It gebrûk fan blauwe disel soarget neffens wethâlder Jelle Zoetendal foar sa'n 90 persint minder CO2-útstjit. Ride op blauwe disel kostet likernôch ien sint de kilometer mear as gewoane disel.

De gemeente sil syn eigen diseltank oanlizze, omdat der yn de direkte omjouwing fan de gemeentewerf gjin leveransier fan blauwe disel is. Hearrenfean keapet elts jier sa'n 100-tûzen liter disel yn. Blauwe disel wurdt makke fan plantaardige oalje út ôffal fan iten. Der is gjin lânbougrûn foar nedich, sa as by biobrânstoffen.

Trefwurden: 
Hearrenfean blauwe disel
(advertinsje)