Autobestjoerder komt mei de skrik frij nei ûngelok by Tsjerkwert

In autobestjoerder is by Tsjerkwert mei de auto oer de kop gien. Hy ried oer de Jousterperwei út de rjochting fan Warkum. Yn in flauwe bocht gie it mis.
© BTB Fotografie
De bestjoerder rekke yn de berm en kaam op de kop yn in greppel telâne. De brânwacht, ambulânse en plysje rieden út. Minsken fan de ambulânse ha de bestjoerder neisjoen. Hy hie neat. De auto is ôffierd.