Mem en soantsje omkaam by brân yn Drachtster wenhûs

By in brân yn Drachten binne in mem en har soantsje omkaam. De heit en in oare soan binne troch de brânwacht fan it dak helle. Fiif oaren binne ek nei it sikehûs brocht. Se soene reek binnenkrigen ha. It is net dúdlik hoe't it mei de slachtoffers is.
Mem en soantsje omkaam by brân Drachten
De brân bruts om kertier foar trijen út yn in rychjeswenning yn Drachten. Doe't de brânwacht oankaam, sloegen de flammen al út it dak. "We koenen der al hast net mear yn," seit Baukje de Wal fan de brânwacht.
Doe't de brân útbruts, wiene der njoggen minsken yn it hûs. Der wennet in gesin mei fjouwer bern, en der wie ien útfanhuzer. Ien fan de bern is folwoeksen en troud. Har man en syn bern wiene der ek.

Oerenlang neiblusse

Om fjouwer oere hinne wie de brân ûnder kontrôle. De brânwacht hat dêrnei noch wol oerenlang oan it neiblussen west. Yn de omlizzende wenningen binne gjin slachtoffers fallen. Se binne wol ûntromme.
It is noch net dúdlik hoe't de brân ûntstean koe. Eksperts fan de plysje sille dêr ûndersyk nei dwaan. Foardat se dêrmei begjinne, moat earst ûndersocht wurde oft it feilich is om de wenning yn te gean.
Loco-boargemaster Robert Bakker is bot skrokken