Drûchte: Boeren ha in protte fragen oer foer

09 aug 2018 - 08:42

Boeren ha noch genôch mooglikheden om de foarried rûchfoer foar de winter oan te foljen. Al is it drûch, wol it gers mar kwealik groeie, en liket mais net in soad op te bringen, der binne noch mooglikheden. Dat sizze eksperts fan it bedriuw Agrifirm.

Foto: ANP

It bedriuw, dat ûnder oare foer en sied ynkeapet, hat in tillefoanlijn iepensteld der't boeren mei fragen telâne kinne. De measte fragen gean oer it gers en wat dêr noch mei dien wurde kin. Boeren freegje ek hoe't se de kij sûn de winter troch krije kinne. Bouboeren belje ek. Dy wolle wille wat se dwaan kinne om feehâlders te helpen.

Neffens Leo Tjoonk, ien fan de eksperts fan Agrifirm, kinne bouboeren de grûn noch wol brûke om te helpen: "Ze kunnen bijvoorbeeld rogge zaaien. Daar heb je dan in het voorjaar wat aan." Oare mooglikheden binne der ek om de foarrieden oan te foljen: "Op veel plaatsen kan de mais binnenkort geoogst worden. Die grond kun je makkelijk nog inzaaien. Bijvoorbeeld met Italiaans Raaigras. Dat gras groeit snel en geeft met een beetje goed weer zeker nog één snee gras."

Probleem foar bioboeren

Foar biologyske boeren wurdt it dreech, tinkt Tjoonk: "We zijn hard aan het studeren op mogelijkheden om ze goed te kunnen helpen. Dat is niet makkelijk. Biologisch gras heb je niet zo voor handen. Uit het buitenland halen zit er ook niet in want ook daar hebben ze te maken met grote tekorten. Een oplossing kan zijn om te kijken wat biologische akkerbouwers nog hebben staan."

Neffens Tjoonk kin de waarme simmer ek in foardiel hawwe nei de hjerst ta: "De grond houdt warmte lang vast. Dan groeien gewassen ook langer door. Het moet dan mogelijk zijn om misschien zelfs in december nog wat van het land te halen."

Trefwurden: 
boeren drûchte foer Agrifirm
(advertinsje)