Kollum: "Prinsessegracht"

09 aug 2018 - 08:20

Yn Amsterdam ha feministen fan 'e wike strjitnammen feroare omdat se fine dat der tefolle manlike strjitnammen binne. Sa setten se in E achter Dam, en dat waard dus Dame. Dat wie mear in grapke, sei wurdfierder Santi van den Toorn. Fan it Rokin hiene se in hiel oare namme makke: Beyonce Boulevard, en de Van Woustraat is no de Suze Groeneweg.

Botte Jellema - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Botte Jellema

It barde ek yn njoggen oare stêden, mar neffens AT5, de Amsterdamske stjoerder, is 88% fan de Amsterdamske strjitten ferneamd nei in man. 'We willen bewijzen dat vrouwen het waard zijn om een straatnaam te dragen', aldus Van den Toorn. Ophef op de sosjale media fansels: hoe se it yn de plasse helje; dit is fandalisme; en dit helpt de frouwesaak allinnich mar fierder efterút. Dat is de teneur.

Santi van den Toorn, de wurdfierster, hat sels ek in manlike achternamme. 'Den' is de âld-Nederlânse namfal datyf fan manlik iental. De froulike foarm soe wêze Santi van der Toorn. Mar hawar.

Leuk, Suze Groeneweg, mar we ha hjir yn Amsterdam al in Suze Groenewegplantsoen. Yn Amstelveen is der in leane nei har ferneamd en yn Purmerend is der in Suze Groenewegstraat. Yn Ljouwert is der ek in Groeneweg, mar ik tink net dat dy ferneamd is nei Suze. Susanna Groeneweg wie in politika út Rotterdam, dy't in iuw lyn as earste frou yn it Nederlânske parlemint kaam, neidat yn 1917 it passyf kiesrjocht ynfierd waard. Se wie ek feministe.

Ik tink dat der net ien op tsjin is om in strjitte nei sa'n frou te ferneamen. Se hat in protte betsjutten foar froulju en foar de polityk yn Nederlân. Soe ik in nije wenwyk oanlizze en de strjitten ferneame wolle nei ynfloedrike persoanen, dan is hjir de namme: Suze Groeneweg!

Punt is dat Suze no 81 jier lyn ferstoarn is. Mar litte we de hûndert jier nimme: strjitten dy't mear as hûndert jier lyn oanlein binne, koene doe ûnmooglik nei Suze Groeneweg ferneamd wurde. Dus dat is it gefal mei de Dam, it Rokin en ek de Van Wou. It sil nimmen serieus te dwaan wêze om de grêften te werbeneamen; de Prinsessengracht, de Keizerinnengracht en de Damesgracht. En al bin ik in man, ik fyn it ek in absurd idee.

Ik ha altyd in dûbeld gefoel by ditsoarte aksjes. It freget nammentlik oan 'e iene kant wol echt wat serieuze ynspanning: om blauwe buordsjes mei wite letters te meitsjen, om healwei seizen út bêd te kommen - ja, ier en betiid moat soks, oars bisto net it nijs fan 'e dei - en dan werklik mei húshâldtrepkes en al it oare hang- en sluitwerk datst nedich hast om de hannel op te hingjen, troch de stêd te fytsen, sa'n trepke út te klappen, der op te krûpen, sa'n buordsje op te hingjen, én fansels moast ek immen regelje om it te fotografearjen of te filmjen, want it is 2018. In bytsje sneu is it al. Ik bedoel: foar in symbolyske grap hat it aardich wat fuotten yn 'e ierde. Of hoe seist dat yn it Frysk.

Dêrnei moatte alle hobbyfoeterders der ek noch harren tiid oan spandearje op de sosjale media. En dat is de oare kant, en dy is noch sneuer. Want je hjir werklik oer opwine kin net sûnder je yn 'e matearje te ferdjipjen: ik leau fuortendaliks dat der mear strjitten nei mannen ferneamd binne, mar as je lilk wurde op dizze aksje dan rekket it neffens my krekt syn doel. Ik bedoel: as it je neat skele kin, dan laitsje je om sa'n berjocht en geane je troch mei wat je oan it dwaan wienen. It sit de manlju dy't der lilk om wurde miskien noch wol it measte dwers.

Ik sil echt net de iennige wêze dy't no ris even opsocht hat wa't Suze Groeneweg no eins wie. En jo witte it no ek. Ik hoopje oprjocht dat der mear strjitten nei froulju ferneamd wurde, sa't it gemeenten no ek slagge is om froulike meiwurkers minstens likefolle te beteljen as manlju.

Ach, strjitnammen Sa't Gerard Reve al sei: Niemand weet toch meer wie Tweede van der Helst was?

Trefwurden: 
Botte Jellema De Toan fan,
(advertinsje)