'Gjin jild nei Vestia'

27 jun 2012 - 15:35

De Fryske wenningboukorporaasjes wolle net meibetelje oan it Vestia-debâkle. Dat ha se yn in brânbrief oan minister Spies fan binnenlânske saken witte litten. De strop sil úteinlik foar rekken fan de hierder komme en dat fine de korporaasjes ûnakseptabel.

Vestia, de grutste korporaasje fan it lân, hat in ferlies fan goed twa miljard euro. Alle korporaasjes moatte dêrfan 700 miljoen betelje. Yn Fryslân giet it om sawat 3 miljoen euro. De polityk mingt him no ek yn de diskusje. Nije wike is der in debat yn de Twadde Keamer oer dizze saak.

(advertinsje)
(advertinsje)