Twa deaden by wenningbrân yn Drachten, sân minsken nei sikehûs

By in brân yn in rychjeswenning yn Drachten binne twa minsken om it libben kaam. Sân oaren binne mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Sy hawwe nei alle gedachten reek binnen krigen.
Mem en soantsje omkaam by brân Drachten
Ferslachjouwer Onno Falkena stiet yn Drachten
Doe't de brânwacht oankaam, sloegen de flammen al út it hûs. Twa minsken sieten op it dak. De brânwacht hat se derôf helle. Fiif oaren koene op eigen krêft it hûs ferlitte. Dat wie om trije oere hinne. Alle sân binne se nei it sikehûs brocht. Se soene reek binnenkrigen ha. It is net dúdlik hoe't is mei se is.
Yn omlizzende wenningen binne gjin slachtoffers fallen. Se binne wol ûntrimme. De hûzen ha reek- en wetterskea oprûn. Bewenners ha op oare plakken ûnderdak fûn. Der is net folle mear oer fan it hûs dêr't de brân wie.

Yn pyjama op strjitte

De buert wurdt op in wrede manier wekker, seit ferslachjouwer Onno Falkena. Hy stiet op de Handwerkerszijde yn Drachten. Dat is de strjitte dêr't de brân wie. "Der binne in soad emoasjes. Minsken steane yn pyjama's op strjitte. Se binne der letterelik stil fan. Oaren gûle, of se wurde lilk."
"It wie gau dúdlik dat der minsken fermist wienen" seit Baukje de Wal fan de brânwacht, mar hoefolle minsken der krekt yn it hûs sieten, dat wie net bekend. "Doe't we oankamen, wie de brân al útslaand. We koenen der al hast net mear yn." Der blykten yn totaal om njoggen slachoffers te wêzen. Oft dat allegeare bewenners binne is noch net dúdlik.
© SR Fotografie
Om fjouwer oere hinne wie it fjoer ûnder kontrôle. De brânwacht hat dêrnei noch wol oerenlang oan it neiblussen west. Pas as alle waarmte it hûs út is, kin de plysje ûndersyk dwaan nei de oarsaak fan de brân.