Eigen snelheidsmjitter Ouwe- en Nije-Syl helpt goed yn de earste wike

09 aug 2018 - 06:05

De ôfrûne wike is der folle minder hurd riden yn de kearn fan Nijebiltsyl op de Nijebiltdyk. Dat komt troch de snelheidsmjitter dy't Doarpsbelang Ouwe- en Nije-Syl dêr ferline wike ophongen hat. Dy meter lit passanten dy't hurder ride as 30 in reade tomme sjen. Foar minsken dy't har oan de snelheid hâlde is der in grien tomke.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Doarpsbelang wol de Biltkerts sa bewust meitsje fan har eigen rydgedrach. Dat Doarpsbelang út eigen middels sa'n snelheidsmjitter keapet jout wol oan dat 'te hurd riden' in probleem is yn de streek, seit foarsitter Wies ten Have fan Doarpsbelang Ouwe- en Nije-Syl.

Foarsitter Wies ten Have fan Doarpsbelang Ouwe- en Nije-Syl

Doarpsbelang Ouwe- en Nije-Syl is fan doel om de mjitter om de seis wike te ferpleatsen nei in oar plak dêr't geregeld te hurd riden wurdt. De meter makket ek filmkes fan de oertrêders. Doarpsbelang wol de resultaten besprekke mei de bewenners fan de dyk dêr't de snelheidsmeter hong en sil de gegevens en diele mei de gemeente Waadhoeke. De 'âlde' gemeente it Bildt hat de ôfrûne jierren stevich yn de Bildtdiken ynvestearre, mar dat hat der neffens frou Ten Have net ta laat dat minsken hat better oan de maksimumsnelheid hâlde.

"Voor dit probleem zijn geen gemakkelijke oplossingen. Als je de weg smaller maakt, kunnen de landbouwvoertuigen er niet meer langs. Verkeersdrempels zijn ook niet erg handig voor grote landbouwmachines. De mensen moeten zich dus zelf beter aan de maximumsnelheid houden." Mei help fan de eigen snelheidsmjitter wol Doarpsbelang Ouwe- en Nije-Syl no permanint omtinken freegje foar de needsaak om net te hurd riden troch doarp en bûtengebiet.

(advertinsje)