Fermiste jonge (13) wer oantroffen by Noardwâlde

08 aug 2018 - 22:09

De plysje hat woansdeitejûn yn de omjouwing fan Easterstreek (by Noardwâlde) socht nei in fermiste 13-jierrige jonge.

Foto: Wiegmink Media

De jonge, dy't autistysk is, wie sûnt it begjin fan de jûn fermist. De plysje hie spesjale hûnen en in helikopter ynset om him te finen.

Om tsien oere hinne waard de jonge yn in greide by Noardwâlde yn goede sûnens oantroffen.

Trefwurden: 
plysje fermist Easterstreek
(advertinsje)
(advertinsje)