Nard Brandsma wint Fryslân Cup yn Drylts

08 aug 2018 - 21:47

Fierljepper Nard Brandsma fan Warkum hat woansdeitejûn yn Drylts de Fryslân Cup op syn namme skreaun. Mei in ôfstân fan 19.66 meter bleau er konkurrint en stedsgenoat Ysbrand Galama foar, dy't nei 19.33 meter ljepte. Oane Galama fan It Heidenskip einige op it tredde plak; hy kaam ta in ôfstân fan 19.11 meter.

Nard Brandsma by it fierljeppen yn Bûtenpost - Foto: Martin de Jong

De wedstriid hie in oare opset as yn oare jierren. Wa't yn de fierste twa sprongen de gemiddeld grutste ôfstân ôflei, waard kampioen. It gong dus net om ien sprong. Foar de einstân makke dat det út. Behalve by de froulju. Dêr ljepte Anneke Broersma de fierste ôfstân. Mar Akke Dijkstra gong der mei de earste plak fantroch. Har twadde ôfstân wie fierder, en dêrtroch har gemiddelde ek. Sigrid Bokma waard tredde.

Yn de kategory fan de famkes kaam Bente Vlas hiel tichteby de ôfstân fan Anneke Broersma. Vlas ljepte nei 14.11 meter en bleau Tirza Boschma (13.65) en Lisse van der Knaap (12.96) foar.

Freark Kramer fan It Heidenskip wûn de wedstriid by de junioaren mei in ôfstân fan 19.26 meter. Jan Taede Nauta (18.58) fan Drylts waard twadde, Wietse Nauta (17.52) fan Drylts pakte it tredde plak. De winst by de jonges gie nei Rutger Haanstra mei 16.75 meter. Wisse Broekstra (16.65) en Renzo Zwaagman (15.21) kompletearren it poadium yn Drylts.

(advertinsje)
(advertinsje)