WK silen: Pieter Jan Postma wis fan medalrace

Op de sande dei fan it WK silen yn Aarhus hat Pieter Jan Postma út Terkaple him fersekere fan de medalrace by de Finn-klasse. Nei tsien races stiet Postma sechsde yn it klassemint. Troch it gebrek oan wyn koe der yn de Laser radial-klasse mei Marit Bouwmeester woansdei mar ien race syld wurde. Bouwmeester waard dêryn alfde en se klom nei plak fiif yn it klassemint.
© Sailing Energy / World Sailing
Postma waard woansdei op it wetter by Aarhus ien kear fjirde en ien kear alfde. De ferskillen yn it klassemint binne lyts, benammen tusken plak 2 en 6. Postma makket dêrom noch alle kâns op in medalje. De medalrace is tongersdei.
© Sailing Energy / World Sailing
Bouwmeester hat gjin maklike wike op it WK. "Ik prestearje echt ûnder myn nivo, mar de lêste wedstriid wie wol oké. Elkenien fart hjir hiel wikseljend, dus ik hoopje dat ik noch wat goedmeitsje kin. Der is noch in hiel soad mooglik."