Frou slim ferwûne nei botsing tsjin beam by Sigerswâld

08 aug 2018 - 21:04

Yn Sigerswâld is in frou woansdei oan it begjin fan de jûn slim ferwûne rekke by in ûngelok. Op de Uthof botste se yn de auto tsjin in beam.

Foto: Srfotografie

De frou is oerbrocht nei it UMCG yn Grins. Ferskate helptsjinsten wiene op it plak fan it ûngelok. Ek wie der in traumahelikopter út Eelde.

(advertinsje)