Mear oanmeldingen foar Burendag as in jier lyn

08 aug 2018 - 20:36

Al goed 350 buerten yn Fryslân hawwe harren oanmelden foar Burendag. Dy belibbet dit jier de 13e edysje, op 22 septimber. Mei-inoar binne der yn hiel Nederlân al hast 5000 aktiviteiten oanmelden.

Dêrmei liket de animo grutter as ferline jier, want doe wiene der om dizze tiid hinne minder oanmeldingen. It hiele beskikbere budzjet is ek al tasein. Dêrom kin no gjin jild mear oanfrege wurde foar in aktiviteit. It Oranjefonds is in grutte sponsor en wol mei Burendag minsken tichter byelkoar bringe. By de aktiviteiten kinst tinke oan it opknappen fan de strjitte, it oanlizzen fan in buerttún of in gearkomste foar de buert.

Yn 2006 waard de earste edysje fan de Burendag hâlden. Doe wiene der 300.000 dielnimmers. De lêste jierren binne dat mear as in miljoen.

Trefwurden: 
Burendag Oranjefonds
(advertinsje)