Piet Paulusma wer thús nei operaasje: "Ik ha safolle waarmte krigen"

08 aug 2018 - 19:11

Piet Paulusma is woansdeitemiddei ûntslein út it sikehûs. Hy sil no thús earst fierder better wurde. De waarman waard ferline wike opnommen yn it sikehûs fanwege in akute ferstopping yn de termen. It is noch net bekend wannear't er it waarberjocht wer presintearje kin.

Foto: ANP

Piet Paulusma yn petear mei Jan Durk de Haan

Paulusma is der ferskriklik fan skrokken, dat er der sa ynienen útrekke. Hy wie op fakânsje doe't er midden yn de nacht pine bûk krige. Hy stie op de camping. "Bist der net op tared," seit Paulusma. "It is net samar wat, in akute ferstopping yn de termen. Foardat je it witte lizze je yn it sikehûs. Foardat je it witte wurde je opereard, om slimmer foar te kommen."

Paulusma fielt him goed, no't er wer thús is. "Ik bin hiel bliid dat ik no wer yn de waarkeamer bin," seit er, "dat is better as yn it sikehûs." Hy fielt him fit. "Dêr ha ik ek oan wurke. Ik ha in soad rûn de ôfrûne dagen. Mar je witte ek dat je noch bykomme moatte, dat je werstelle moatte. It wurk pak ik yn fazen wer op."

Hûnderten reaksjes

Omrop Fryslân waard oerstjalpe mei reaksjes doe't bekend waard dat Paulusma yn it sikehûs lei. Hûnderten kaarten en mailtsjes kamen binnen. Dat rekket Paulusma. "Ik ha in soad waarmte krigen fan alle minsken om my hinne, fan de famylje, de minsken op de camping, minsken út de provinsje, en út de rest fan it lân. Dat is sa fantastysk, sa grut, dat docht wat mei je. Dêr wurde je emosjoneel fan."

Dochter Martsje

Op telefyzje waard it wurk fan Paulusma oernaam troch syn dochter Martsje. Tiisdei seach hy har foar it earst op telefyzje, yn it sikehûs. It wie de koarte útstjoering fan SBS. "Wat in prestaasje. Wat geweldich. Ik wit dat Martsje krekt as alle oaren om my hinne bot skrokken wie. Emosjoneel, troch wat der bard wie. Unfoarstelber. Prachtich."

"Foarich jier hiene we al in kear tsjin mekoar sein: 'Litte we alles sa ynrjochtsje dat we trochgean kinne, as my wat oerkomme soe. Ik bin ek altyd ûnderweis. Je witte mar noait.' No, dit is it foarbyld. Hoe geweldich is dat?"

"Ik fyn it spitich dat ik in stik mist ha fan dizze simmer. In ekstreme simmer. Mar ik bin der noch."

Trefwurden: 
siik waarman Piet Paulusma
(advertinsje)