Boaten Kalkovens moatte fuort

27 jun 2012 - 14:31

De gemeente Opsterlân freget de eigeners fan sân boaten yn De Kalkovens op 'e Gordyk har eigendom fuort te heljen. Sûnt heal maaie meie boaten net langer as trije dagen yn it wetter lizze. Dat is ynsteld om rekreanten de kâns te jaan om oan te lizzen. Mochten de eigeners op 3 july noch gjin aksje ûndernaam ha, dan docht de gemeente dat. Se kinne de boaten dan tsjin betelling fan de kosten ôfhelje by de gemeente.

Mochten se dat oer trije moanne net dien ha, dan docht Opsterlân de boaten yn de ferkeap.

Trefwurden: 
De Gordyk boat
(advertinsje)