Eanjum wint foar it earst de Freulepartij yn Wommels

08 aug 2018 - 18:37

It partoer fan Eanjum hat yn Wommels de 116e edysje fan de Freule wûn. Yn de finale wûnen Gerwin Dijkstra, Gerrit Dijkstra en Sytse Koree mei 5-1 en 6-4 fan Reduzum, dat mei Melle Fopma, Jehannes Gerben Brinksma en Jesper Tolsma op it fjild stie. It is de earste kear dat Eanjum de Freule wint.

Sytse Koree soarge mei in boppeslach foar it earste buordsje foar Eanjum. By 2-0 en 6-6 sloech Gerwin Dijkstra in sitbal. Op 3-0 en op 'e nij 6-6 wie der in boppeslach foar Eanjum.

Reduzum kaam dêrnei werom ta 4-1, nei't Gerwin Dijkstra twa opslachflaters makke. Doe naam Gerrit Dijkstra de foar bêst-opslach oer. Nei in blessuere fan Jesper Tolsma op 4-1 en 6-6 wie it eins klear.

By 5-1 en 4-0 yn de finale moast Tolsma op 'e nij behannele wurde. De Redúster hie in soad pine, mar keatste de partij wol út. Troch in pear opslachflaters waard it yn it lêste earst noch 4-4. Fia in boppeslach fan Gerrit Dijkstra op 5-1 en 6-4 helle Eanjum de oerwinning binnen.

Heale finalen

Eanjum wûn yn de heale finale fan it favorite Mantgum. Oant 4-4 gie it gelyk op. Doe naam Eanjum in foarsprong en fia in sitbal op 5-4 en 6-2 pleatste Eanjum har foar de finale.

Yn de oare heale finale wie it tige spannend. Om en om kamen Reduzum en Eksmoarre op foarsprong. Reduzum rûn út nei 5-3, mar Eksmoarre kaam werom ta 5-5. Yn it beslissende earst kaam Eksmoarre op 4-2, mar nei trije missers wie de oerwinning dochs foar Reduzum.

De dei fan Eanjum

Gerwin Dijkstra, Gerrit Dijkstra en Sytse Koree begûnen de dei tsjin Nijewier-Mitselwier-Easternijtsjerk. Dat waard 5-1 6-4 foar de Eanjumers. De twadde omloop wie it dreechst: fan it sterke Kimswert wûn Eanjum úteinlik mei 5-5 6-0. Dêrnei waard it 5-1 6-0 tsjin Stiens en fia in steand nûmer yn de fjirde omloop kaam Eanjum yn de heale finale.

Lêste tsien winners fan de Freule

2018 Eanjum
2017 Boalsert
2016 Menaam
2015 Makkum
2014 Hijum-Feinsum
2013 Dronryp
2012 Frjentsjer
2011 Seisbierrum
2010 Boalsert
2009 Wjelsryp
Trefwurden: 
keatsen Wommels Freule Eanjum
(advertinsje)