Fenna Kalma skoart twa kear yn winstpartij tsjin Gana

08 aug 2018 - 18:23

De Oranjefroulju ûnder 20 hawwe woansdeitejûn harren twadde groepswedstriid op it WK yn Frankryk wûn. Yn Vannes wûn de Nederlânske ploech mei 4-0 fan Gana. Friezinne Fenna Kalma fan Haskerhoarne hie mei twa doelpunten in grut oandiel yn 'e winst fan Oranje. De ploech is yntusken wis fan de kwartfinalen.

Oranje ûnder 20 mei Fenna Kalma steand, tredde fan links - Foto: www.orange-pictures.nl

It earste doelpunt fan de Oranjefroulju kaam yn de 21ste minút fan Aniek Nouwen; sy kopte Nederlân nei in 1-0 foarsprong. Fenna Kalma wie dêrnei ferantwurdlik foar it twadde en it tredde doelpunt, yn de 28ste en de 32ste minút. Tsjin de ein fan de wedstriid makke Victoria Pelova dien wurk: 4-0.

Frankryk

Oankommende snein spilet Nederlân de lêste groepswedstriid tsjin gastlân Frankryk.

Kwartfinale

Nederlân hat no seis punten út twa wedstriden. Letter op de dei spile Frankryk gelyk tsjin Nij-Seelân. Dêrtroch is Nederlân al wis fan pleatsing foar de kwartfinale.

(advertinsje)