Skûtsje Grou wint soeverein op rûzige Snitser Mar

08 aug 2018 - 17:57

Grou hat it skûtsjesilen by Terherne mei oermacht wûn. Op de finish hie skipper Douwe Visser hast in kilometer foarsprong op de rest fan de float. De Grousters kamen flot oan de lieding. Se ha de kopposysje net mear út hannen jûn.

Nei twa dagen mei blabberwyn stie der woansdei in tichte koelte op de Snitser Mar. Der wiene skippers dy't in lyts reefke lein hienen. Dêr wurdt it seil lyster fan.

Protestflagge

It skûtsje fan Hearrenfean kaam as earste by de boppeste tonne. De Heale Moanne, Grou en Snits kamen dêrachter mei syn trijen yn mekoars farwetter. Grou moast wike, mar krige gjin romte fan Snits. De protestflaggen waarden yn it want hongen, mar in rûte letter waarden se likehurd wer opromme.

Mei in tûke slach wisten de Grousters de kopposysje fan Hearrenfean oer te nimmen. En doe wienen se los. De rest fan de wedstriid ha se de foarsprong net mear út hannen jûn.

It skûtsje fan Hearrenfean kaam as twadde oer de finish. De Lemmer waard tredde. De Heale Moanne finishte as lêste. Hiel opfallend, want dat skûtsje kaam as bêste út de start.

Normaalwei begint it skûtsjesilen om 14:00 oere, mar omdat op de Snitser Mar ek de Hurdsyldei fan de Snitswike holden waard, wie de start pas nei fjouweren.

Trefwurden: 
skûtsjesilen Terherne SKS
(advertinsje)