Fleanbasis sneon iepen

27 jun 2012 - 14:24

De fleanbasis yn Ljouwert is sneon ekstra iepen. Dat is om't fjouwer F-16's fan de basis in saneamde 'fly by' fersoargje yn Den Haag. Dat dogge se by de Nasjonale Feteranedei. De fleanbasis is om dy reden iepen fan alve oere moarns oant twa oere middeis.

Gewoanwei is de basis ticht yn it wykein.

Trefwurden: 
fleanbasis
(advertinsje)