Ynwenster Sumar (31) krijt selstraf ûnder betingst foar winkelstellerij

08 aug 2018 - 17:10

In 31-jierrige ynwenster fan Sumar hat in moanne sel ûnder betingst krigen foar winkelstellerij. Yn maart dit jier stiel se by de Media Markt yn Drachten; in moanne letter besocht se guod mei te nimmen út de Aldi yn Burgum.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Yn de supermerk waard de frou betrape. By de rjochter sei se woansdei dat se dwaande is har libben te betterjen. Yn de tiid fan de stellerij wenne se by har freon; tegearre soene se regelmjittich drugs brûkt hawwe. Dêrtroch soe de frou mear ûntfanklik west ha om oer te gean ta stellen.

Ferslavingssoarch

De Sumarster hie har al melden by ferslavingssoarch foar help, mar fanwegen de drokte dêr wie dat net fan 'e grûn kaam. De rjochter pleatste de frou ûnder tafersjoch fan de reklassearring; ek moat se har behannelje litte.

Trefwurden: 
stellerij rjochtbank Sumar
(advertinsje)