Man rekket ferwûne by fal fan dak op De Gordyk

Op De Gordyk is in man ferwûne rekke by in fan fan in dak. Neffens omstanners wie de man op it dak oan it wurk doe't it misgong. It slachtoffer foel in flink ein nei ûnderen. Hy kaam op in oar dak telâne.
© SR Fotografie
It ûngelok barde op it dak fan in wenning oan de Haadstrjitte. De brânwacht waard ynskeakele om de man nei ûnderen te krijen. Oer de ferwûnings fan de man is neat bekend. Wol waard de traumahelikopter oproppen om help te ferlienen. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.